Aris wer ûnderút tsjin Wijchen

24 nov 2013 - 14:49
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris ferlearen sneontejûn kânsleas mei 104-71 fan de nûmer trije Wijchen. Yn Wijchen moast de ploech fan Ed Molthoff it stelle sûnder rûtinier Tjoe de Paula. Wijchen naam fan it begjin ôf oan de lieding. Nei it earste kwart stie der in 27-12 foarsprong op it boerd. De thúsploech wist de marzje foar rêst fierder út te wreidzjen en sette de rêststân op 50-34.

Yn eigen hûs skeat de gasthear mei skerp. Mar leafst 15 trijepunters gongen der yn. Sa rûn de thúsploech ienfâldich út nei 80-50, wêrnei't de wedstriid spile wie.

It is it sânde ferlies op rige foar de ploech fan trainer Ed Molthoff dat op in teloarstellend achtste plak stiet. De kommende wike komt Aris twa kear yn aksje. Tongersdei komt Leiden op besite yn It Kealledykje, sneon stiet de útwedstriid tsjin Den Helder op it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)