Aris ûnderút tsjin Amsterdam

16 okt 2010 - 23:50

De basketballers fan Aris hawwe thús ferrassend ferlern fan Amsterdam. Yn in spektakulêre slotfaze makken de Ljouwerters in achterstân fan 10 punten noch goed, mar by einsluten pakten de Amsterdammers dochs de winst: 73-76.

Aris begûn striemin oan de wedstriid en stie nei fiif minuten al mei 19-3 achter. Dêrnei herstelde de ploech him aardich en by it skoft stie it 32-30 foar Amsterdam. Nei in spannend slot moast Aris úteinlik dochs belies jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)