Aris treft regeling mei Siderius

02 apr 2005 - 11:57

Basketballer Evert Jan Siderius en earedivisjonist Aris binne ta in finansjele regeling kaam nei it ûntslach fan de spiler. Der wie in konflikt ûntstien tusken de spiler en it bestjoer, wêrnei't Siderius ûntslein waard troch it bestjoer fan Aris.

Hy soe it bestjoer yn diskredyt brocht ha. Siderius seit dat it om net betelle ûnkosten giet. Beide partijen ha no in regeling troffen. Siderius komt net werom by Aris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)