Aris stunt by Bergen op Zoom

13 mrt 2008 - 09:11

De basketballers fan Aris_Friesland hawwe woansdeitejûn foar in stunt soarge troch mei 90-83 te winnen fan Bergen_op_Zoom. De Brabanners binne de nûmer twa fan de kompetysje en al wis fan de play-offs.

Benammen Dillion_Sneed die it mei 31 punten en 9 rebounds poerbêst. Yn it lêste kwart makke Aris it ferskil. Dat waard wûn mei in ferskil fan 15 punten (29-14). Aris bliuwt wol op it ien-nei-lêste plak stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)