Aris slút kontrakt mei basisskoallen

27 mrt 2015 - 14:52
  • Basketbalklinik op de Julianaskoalle yn Snits
  • De basketballklinik yn folle gong

De Ljouwerter basketbalklup Aris hat freedtemiddei in gearwurkingskontrakt tekene mei Sport op Basisskoallen. De twa organisaasjes sille troch it organisearjen fan basketbalkliniks, besykje om mear bern oan it bewegen te krijen. Bern moatte net allinne op skoalle bewege, mar ek by sportferienings, sa is it doel.

Op de Julianaskoalle yn Snits waard troch Aris-spilers Ryan Watkins en Jelmer Visser freed in klinik jûn oan skoalbern út groep 7 en 8.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)