Aris sjit tekoart tsjin Leiden

19 maaie 2013 - 00:22
  • Aris Ljouwert

Yn de striid om de basketbaltitel hat Aris ek de twadde wedstriid tsjin Leiden ferlern. De Ljouwerters gienen yn it eigen Kealledykje mei 68-63 ûnderút. Dat ferlies kaam foaral troch in minne earste helte. By it skoft stie Aris alve punten achter. Yn de twadde helte kaam de ploech fan Erik Braal sterk werom ta 55-56, mar doe wie de enerzjy op.

It is foar Aris it earste thúsferlies yn de play-offs. Leiden stiet no 2-0 foar yn dizze best-of-seven searje en hat noch twa oerwinningen nedich foar de titel. Tiisdei is yn Leiden it tredde duel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)