Aris sakket nei achtste plak

11 mrt 2005 - 13:54

De basketballers fan Aris út Ljouwert hawwe tongersdei yn Grins ferlern fan koprinner MPC Capitals (93-78). It is de tredde ferliesparty op rige foar de manlju fan coach Tom Simpson

Aris sakket troch dizze nederlaach nei it achtste plak op de ranglist. Om yn de race te bliuwen foar de play offs moat de ploech op syn minst as achtste einigje. De kâns dêrop is grut. Mei noch fiif wedstriden te gean hat Aris alles yn eigen hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)