Aris pakt ferrassende oerwinning

17 des 2006 - 18:17

Basketbalklub Aris hat in ferrassende oerwinning pakt op de nûmer fan de twa kompetysje Bergen op Zoom. Nei ferlinging waard it 92-94 foar de Ljouwerters.

It like derop dat der in twadde ferlinging komme soe doe't Bergen op Zoom koart foar tiid lyk makke. Mar Gary_Ware makke yn de lêste sekonde mei in hurde dunk de winnende punten. Aris stiet no fyfde mei sechstsjin punten út likefolle wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)