Aris pakt earste útoerwinning: winst yn Weert

08 nov 2015 - 08:30
  • Aris Ljouwert

De Ljouwerter basketballers fan Aris ha sneontejûn harren wedstryd yn Weert wûn. Nei fjouwer perioaden stie in einstân fan 69-84 op it boerd, en dat wie dan ek fuort de earste útoerwinning fan Aris. By rêst stienen de Ljouwerters noch achter, mar dêr kaam yn it tredde kwart feroaring yn. De Amerikaan Javier Duren wie mei 22 punten de topskoarder by de Ljouwerters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)