Aris noch net wis fan play-offs

30 mrt 2005 - 17:41

De basketballers fan Woon!Aris binne der tiisdeitejûn noch net yn slagge om de play-offs te heljen. Yn Ljouwert waard ferlern mei 72-83 fan de Eiffeltowers út Nijmegen.

Tsjin Nijmegen koe Aris it earste kwart goed meikomme, mar waard de winst healwei it twadde kwart út hannen jûn. Nijmegen rûn út nei 17 punten foarsprong. Aris kaam werom oant sân punten efterstân, mar dat wie dochs net genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)