Aris no al wis fan plak 6

08 apr 2012 - 14:39
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn mei 81-71 ferlern fan Leiden. Yn Leiden kaam de thúsploech sterk út de startblokken en rûn ienfâldich út nei in 17-7 foarsprong. De hiele wedstriid seagen de Ljouwerters tsjin in efterstân oan.

Pas yn it lêste kwart wist de ploech fan trainer Erik Braal wat werom te dwaan. Benammen topskoarder Brandon Rozzell skeat mei skerp en brocht de Ljouwerters werom oant in stân fan 67-63. Der hekke de ynhelrace, wêrnei't Leiden de wedstriid tûk útspile.

Mei de ein fan de reguliere kompetysje yn sicht is Aris no al wis fan it sechsde plak yn de einklassearring. Dat betsjut dat de Ljouwerters yn de play-offs keppele wurde oan de nûmers 1 en 3 fan de kompetysje. Nei alle gedachten sille dat Leiden en Den Bosch wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)