Aris net nei bekerfinale

27 feb 2007 - 19:19

Basketbalklub Aris is yn de heale finale fan it bekertoernoai útskeakele. De Ljouwerters ferlearen op It Kealledykje mei 104-95 fan Matrix Magixx út Nijmegen.

Yn it earste kwart spile Aris goed basketbal en kaam it mei 33-21 foar. It twadde kwart gong it stik minder. Nijmegen naam in lytse foarsprong en boude dy stadich oan út. Fierder waard bekend dat Rik van der Nes dit seizoen net mear spilet troch in foetblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)