Aris net nei bekerfinale

10 mrt 2013 - 18:36
  • Aris Ljouwert

Nei in sensasjonele einfaze is basketbalklup Aris der krekt net yn slagge om de bekerfinale te heljen. De Ljouwerters moasten mei 17 punten ferskil winne fan Zwolle, mar dat slagge krekt net. Yn de lêste tsien sekonden krige Holcomb de kâns om it ferskil 17 punten te meitsjen, mar hy miste. Zwolle krige dêrnei noch twa frije worpen, dy't der yn gongen. Dêrtroch kaam de einstân op 82-69. De earste wedstriid hie Aris yn Zwolle mei 17 punten ferskil ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)