Aris nei winst koprinner

01 nov 2004 - 09:11

Basketbalclub Woon Aris hat sneon ek syn twadde thúswedstriid wûn. De Ljouwerters bleaunen mei 99-96 Eiffel Towers út Nijmegen foar - in sensasjonele oerwinning op ien fan de titelfavoriten. Dallas Logan skoarde foar de Ljouwerters 27 punten.

Aris hat fan de fiif wedstiden no fjouwer wûn en de ploech is koprinner yn de earedivyzje basketbal. Ferline jier promovearre Aris út de earste divyzje nei it it heechste nivo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)