Aris nei moai fjirde plak

13 apr 2013 - 21:58
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris Ljouwert ha troch de 87-75 winst by Rotterdam en it ferlies fan Zwolle tsjin Den Bosch (78-85) it fjirde plak helle yn de reguliere kompetysje. Dat betsjut dat de ploech fan Erik Braal no tongersdei de play-offs (bêste fan fiif) begjint mei in thúswedstriid tsjin nûmer fiif Zwolle. Yn Rotterdam hie Aris it net echt dreech, al wie it lêste kwart foar de thúsploech. Samme Givens wie by de Ljouwerters wer ris de tûkste skutter mei 27 punten.

Aris begjint dus mei in thúswedstriid tsjin Zwolle op tongersdei 18 april om 20.00 oere yn sporthal It Kealledykje. Dêrnei wurdt der op snein 21 april spile yn Zwolle en op tiisdei 23 april wer yn Ljouwert. Is der dan noch gjin beslissing dan wurdt der spile op tongersdei 25 april en miskien noch op sneon 27 april. Aris en Landstede Zwolle ha dit seizoen al seis kear tsjinelkoar spile: fjouwer kear yn de kompetysje en twa kear foar de beker. Opfallend oan al dy wedstriden: de thúsploech wûn altyd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)