Aris nei kwartfinale beker

13 des 2012 - 12:11
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris Ljouwert ha woansdeitejûn frij maklik de kwartfinale om de lanlike beker helle. Yn Werkendam waard Virtus mei 91-62 ferslein. Aris spile tsjin de ploech út de earste divyzje mei de hânrem derop. Boppedat koe coach Erik Braal gjin berop dwaan op Tjoe de Paula dy't mei in longûntstekking thúsbleau en foel Valentijn Lietmeijer út mei in ljiskblessuere. Yn de kwartfinale moat Aris it opnimme tsjin de winner fan Cangeroes-Orca's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)