Aris nei heale finale beker

27 jan 2009 - 22:33
  • Merlijn van der Meulen wol mei Aris nei de finale

Aris Friesland hat de heale finale fan it bekertoernoai helle. Yn sporthal It Kealledykje wûnen de Ljouwerters mei 102-87 fan Weert.

Allinnich yn it earste kwart hie Aris it dreech doe't Weert in 17-12 foarsprong pakte. Dêrnei rûn Aris fuort en kaam Weert net mear werom. Tristan Blackwood wie mei 21 punten topskutter. Wa't de tsjinstanner fan Aris wurdt yn de heale finale is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)