Aris lûkt Brandon Woudstra oan

11 jun 2004 - 00:00

De Ljouwerter basketballklub Aris hat der in nije spiler by. It giet om Brandon Woudstra (23), in Amerikaan mei in Fryske efternamme. Woudstra komt oer fan IIslân. Dêr spile er by de basketballers fan Njardvik.

Coach Tom Simpson is bliid mei de komst fan Woudstra. Aris is op syk nei noch mear nije spilers. De fersterkingen binne nedich omdat Aris promovearre is en it kommende seizoen foar it earst op it heechste nivo spylje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)