Aris lûkt Amerikaan oan

30 aug 2012 - 09:58
  • Aris Ljouwert

Basketbalklup Aris hat mei de oankeap fan noch in Amerikaanske spiler syn seleksje foar it kommend seizoen kompleet. It giet om Jerrel Williams, dy't oerkomt út Australië. Dêrfoar spile er yn Dútslân en yn syn heitelân Amearika. Williams is 24 en hat yn syn karriêre al in soad skoard. Hy komt healwei nije wike oan yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)