Aris kwartfinalist beker

27 nov 2008 - 09:38

De basketballers fan Aris Friesland ha woansdeitejûn de kwartfinale helle fan it bekertoernoai. Yn sporthal It Kealledykje wie it begjin fan de Ljouwerter ploech tsjin Landstede Zwolle geweldich. Nei fiif minuten stie Aris mei 15-0 foar. Healwei wie it 52-33 en koe Aris gas weromnimme.

Omdat topskutter Matt Bauscher (28 punten) ek yn it tredde en fjirde kwart syn punten makke kaam Zwolle wol tichteby, mar dat wie net genôch. De einstân waard 89-83 foar Aris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)