Aris komt wer te koart

03 nov 2007 - 22:51

Basketbalklub Aris Friesland hat wer ferlern. Dit kear wie Hanzevast Capitals út Grins te goed. It waard úteinlik op It Kealedykje 84-59 foar de Grinsers.

De Ljouwerters kamen der de hiele wedstriid net oan te pas. De efterstân wie hieltyd rûn de 16 punten. De iennichste spiler dy't syn nivo helle wie Kimbrough. Hy skoarde 22 punten. Troch it ferlies bliuwt Aris lêste mei twa punten út acht wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)