Aris komt sterk werom en wint

03 des 2010 - 13:15

De basketballers fan De Friesland Aris hawwe tongersdei yn Amsterdam in moaie oerwinning helle. Nei in grutte achterstân by it skoft setten de Ljouwerters in ynhelrace yn dy't einige yn winst mei 65-61.

Aris is dwaande mei in goede searje. Nei winst op Zwolle yn de beker en Den Bosch yn de kompetysje is it de tredde oerwinning op rige. Yn de striid foar in plak yn de play-offs stiet Aris no op in kreas sechsde plak mei kâns op mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)