Aris klimt nei fjirde plak

07 jan 2012 - 22:57
  • Aris

Lasaulec Aris is troch in oerwinning op Landstede Zwolle opklommen nei it fjirde plak. De Ljouwerters basketbalploech spile in bûkelpartij tsjin Zwolle, mar wûn wol mei 74-65.

De earste helte wiene beide ploegen bot oan inoar weage, mar yn it tredde kwart rûn Aris út. Aris wûn dy perioade mei sân punten ferskil. Zwolle kaam noch in kear werom oant 55-54, mar ûnder lieding fan Lance Jeter rûn Aris dêrnei fuort. Aris is no fjirde mei 16 punten út 14 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)