Aris klear foar nije seizoen

22 sep 2013 - 18:02
  • Aris Ljouwert

De Ljouwerter basketballers fan Aris ha snein de ien nei lêste oefenwedstriid tsjin it Belgyske Kangoeroes Boom ferlern mei 84-68. Takom wike snein stiet de lêste oefenpartij op it programma. Dan nimme de Ljouwerters it yn België op tsjin Pepinster. Aris begjint de Nederlânske kompetysje op 5 oktober mei in thúswedstriid tsjin Amsterdam.

De seleksje fan Aris sjocht der hiel oars út as ferline jier. Troch it suksesfolle seizoen waarden mar leafst acht spilers ferkocht. Wol wist Aris twa nije Amerikaanske spilers te kontraktearjen.

Ed Molthoff sil de begelieding en coaching fan de seleksje fan Aris op him nimme. Tom Simpson wurdt syn assistint fanwege oare drokte op syn wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)