Aris kânsleas yn heale finale

14 mrt 2009 - 22:35

De basketballers fan Aris Friesland wiene sneontejûn kânsleas tsjin Eclipsejet Myguide Amsterdam. De Ljouwerters ferlearen op It Kealedykje mei 68-56 yn de heale finale fan de nasjonale beker.

Benammen it earste kwart wiene de Amsterdammers folle better en Aris striemin. In foarsprong fan 26 punten waard noch wol lytser, mar spannend waard it nea. Amsterdam spilet no de bekerfinale tsjin de Eiffeltowers Den Bosch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)