Aris kânsleas tsjin Den Bosch

27 okt 2013 - 12:20
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris ferlearen sneont de útwedstriid tsjin Den Bosch kânsleas mei 90-73. De Ljouwerters rûnen de hiele wedstriid achter de feiten oan. Al yn it begjin kaam Den Bosch op in foarsprong fan tsien punten en dy foarsprong hat noait lytser west.

Aris spile net al te goed en de Brabanners wienen fan it begjin ôf hiel skerp. Uteinliks rûn Den Bosch út nei in ôftekene oerwinning fan 90-73.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)