Aris hellet nije spiler

07 jul 2013 - 11:23
  • Aris, Tom Snikkers

De Ljouwerter basketbalklup Aris hat in nije spiler oanlutsen: de 22-jierrige shooting forward Tom Snikkers. Snikkers kaam fjouwer jier út foar it Calvin College yn Grand Rapids, Michigan, yn de NCAA-3-kompetysje. Dêr skoarde er it lêste jier gemiddeld 13,4 punten.

Yn syn hiele sportive karriêre skoarde er 1.464 punten. Snikkers stiet bekend om syn krêft en eksplosiviteit. Hy hat Nederlânske foarâlden en krijt ein dizze moanne syn Nederlânske paspoart.

Snikkers is nei Dexter Hope, Tjoe de Paula en Jan van der Kooij de fjirde Nederlânske spiler dy't fêstlein is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)