Aris hast yn finale

05 maaie 2013 - 17:53
  • Argyffoto fan Aris

De basketballers fan Aris hawwe snein harren twadde wedstriid yn de heale finale mei 62-60 wûn fan Den Bosch. De Ljouwerters setten yn sporthal It Kealledykje goed útein en namen it earste kwart in 17-10 foarsprong. Den Bosch focht him lykwols knap werom en pakte foar rêst in 25-27 foarsprong.

Nei rêst hold Den Bosch de lieding. Benammen de beamlange Kees Akerboom wie in pleach foar de Ljouwerter ferdigening. Yn in ôgryslik spannend slot kaam Aris werom en wie it Whit Holcomb dy't yn de slottellen it ferlossende skot makke.

Troch de oerwinning komt Aris op in 2-0 foarsprong yn the best of five. De Ljouwerters wûnen de earste wedstriid op 1 maaie mei 82-67 fan Eiffel Towers. Aris hat kommende wike noch trije kânsen om him te pleatsen foar de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)