Aris hâldt Schuur en Logtenburg

01 jul 2004 - 12:02

Erik Schuur en Hans Logtenberg spylje ek it kommende seizoen foar de Ljouwerter basketballklub Aris. Beide Grinzers hawwe in kontrakt tekene foar ien jier en sille no mei Aris harren debút meitsje yn 'e earedivyzje.

Mei Schuur (21) en Logtenberg (24) komt it team fan coach Tom Simpson foarearst op sân spilers. Fan 'e âlde seleksje waarden earder ek al Randolh, Behage en Tatum fêstlein. Aris is noch dwaande mei fierdere fersterkings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)