Aris glêshurd ûnderút

24 apr 2012 - 22:28
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Lasaulec Aris binne tsjin in glêshurde nederlaach oanrûn tsjin ZZ Leiden. Yn sporthal It Kealledykje wie Aris kânsleas en waard it hielendal fuortfage. Nei in rêststân fan 19-45, einige de wedstriid yn 55-87 foar Leiden. 'Ik ben op zoek naar antwoorden, maar die heb ik even niet,' sa sei coach Erik Braal nei ôfrin. Troch it ferlies is Aris sa goed as wis útskeakele foar in plak yn de heale finale. Tongersdei spilet Aris thús tsjin Den Bosch, folgjende wike tiisdei spylje de Ljouwerters út tsjin Leiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)