Aris giet foar lêste kâns

23 maaie 2013 - 14:12
  • Aris tsjin Leiden

De basketballers fan Aris gean tongersdeitejûn foar harren lêste kâns yn de finale om it lânskampioenskip. Yn de best-of-7 searje tsjin Leiden stean de Ljouwerters mei 3-0 achter. As Leiden tongersdei wint is de klup kampioen. Yn dat gefal soe it ek samar de lêste wedstriid ea fan Aris wêze kinne. De takomst fan de klup stiet faai om't der gjin haadsponsor is foar takom seizoen.

Teammanager Gert Schurer wol him dêr net by dellizze. 'We willen dit seizoen nog even verlengen en zijn hard aan het werk om ook volgend seizoen te kunnen spelen.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)