Aris ferrast yn Den Bosch

12 nov 2009 - 22:29

De basketballers fan De Friesland Aris ha tongersdeitejûn foar in ferrassing soarge troch yn Den Bosch mei 78-74 fan EiffelTowers te winnen. Beide ploegen wiene oaninoar weage. Healwei wie it ferskil mar ien punt: 40-39 foar de thúsploech. In minder kwart nei it skoft hiene de Ljouwerters dizze kear net. It tredde en it fjirde kwart waard wûn mei 20-18 en 19-16.

Rein van der Kamp brocht foar Aris de beslissing. Syn trijepunter op 71-71 joech de trochslach foar de 4e winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)