Aris ferpletteret Amsterdam

01 apr 2013 - 17:53
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris ha yn sporthal It Kealledykje mei mar leafst 103-69 wûn fan Amsterdam. De Ljouwerters hienen gjin inkele muoite mei de Amsterdammers en bouden yn it earste kwart in 29-15 foarprong op. By rêst stie der in komfortabele tuskenstân fan 51-33 op it boerd.

Nei rêst gong de Ljouwerter doelpuntemasine rêstich troch en waard de marzje fierder útwreide nei 78-49 oan 'e ein fan it tredde kwart. Dêrmei wie it ferset oan 'e kant fan Amsterdam brutsen en koe de ploech fan trainer Erik Braal útrinne nei in meunsterwinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)