Aris fernedere yn Grins mei 101-66 ferlies

23 apr 2015 - 21:14
  • Aris Ljouwert

Aris is yn de earste wedstriid yn de play-offs hielendal fuortspile troch Donar. Yn Martiniplaza fan Grins ferlearen de Ljouwerters mei 101-66. Al nei it earste kwart wie de wedstriid oer: 33-9.

Yn it twadde kwart hie Aris in 11-0 run, mar de Grinzers boarten mei Aris. It gat wie by rêst noch altyd hiel grut: 49-18. Donar koe wat spilers rêst jaan, mar ek de bankspilers fernederen Aris. Nei it tredde kwart like it miskien wol de grutste nederlaach fan in ploech yn de play-offs oait te wurden (51 ferskil), mar it bleau by 101-66.

Sneon is de twadde wedstriid. Dy is yn Ljouwert. As Donar dan wer wint, is Aris útskeakele. By in Ljouwerter oerwinning komt der noch in beslissingsduel yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)