Aris ferliest yn Rotterdam

12 jan 2007 - 10:08

Basketbalklub Aris is tsjin in grutte nederlaach oanrûn yn 'e kompetysje. De Ljouwerters ferlearen yn Rotterdam mei 109-92. De wedstryd ferrûn grillich. Nei it earste kwart hie Aris in efterstân fan acht punten, mar yn it skoft wie der in foarsprong fan twa punten.

Nei it skoft kaam Ljouwert der net mear oan te pas en rûn it ferskil op nei santjin punten. Dochs kaam Aris spiler ta in skoare fan 29 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)