Aris ferliest yn lêste sekonde

08 mrt 2007 - 22:32
  • It logo fan Hanzevast Capitals

Basketbalklub Aris hat yn de einfaze ferlern fan Hanzevast Capitals út Grins. Yn it Martiniplaza wie it tritich sekonden foar tiid 85-85. Gary Buchanan makke yn de lêste sekonde in trijepunter, wêrtroch de winst nei de Grinzers gie.

Yn de einfaze hie Aris sels in foarsprong tsjin de nûmer trije. Gary Ware krige fiif fouten en moast fan it fjild. Aris is no ien-nei-lêste mei tweintich punten út 31 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)