Aris ferliest yn Grins

07 nov 2010 - 17:34

De basketballers fan Aris ha de útwedstriid tsjin Grins mei 81-74 ferlern. Mei it skoft stiene de Ljouwerters noch foar. Yn de earste helte wie Aris baas. By in stân fan 10-9 makke Aris tsien punten op rige. Yn it tredde kwart kamen de Grinzers werom yn de wedstriid.

Nei in 56-54 foarsprong kaam Aris op in 64-56 achterstân. Aris kaam yn it lêste kwart noch tichtby, mar de oerwinning gong nei de Grinzers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)