Aris ferliest yn ferlinging

21 okt 2006 - 22:43

Basketbalklub Aris hat sneontejûn yn de ferlinging ferlern fan de koprinner Eiffeltowers. It waard 91-93. Nei reguliere spyltiid wie it 80-80. Aris rûn de hieltyd tsjin in efterstân oan tsjin de ploech út Den Bosch. Yn it lêste kwart kaam Aris werom.

It waard it sensasjonele einfaze weryn't beide ploegen kânsen krigen om de wedstryd te beslissen. Yn de ferlinging miste Aris in oantal krusjale ballen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)