Aris ferliest yn ekstra tiid

07 jan 2011 - 11:41

De Friesland Aris hat de earste wedstriid fan 2011 ferlern yn de ferlinging. Yn it Kealledykje tsjin Bergen op Zoom liken de Ljouwerters de folle winst te pakken. Tsien tellen foar de ein stie Aris op foarsprong: 73-70. In trijepunter fan de gasten betsjutte ekstra spyltiid.

Yn de ferlinging hie Aris neat mear yn te bringen. De einstân waard 89-80 foar de Brabanners. Mark Sanchez wie mei 18 punten de bêste skutter oan Ljouwerter kant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)