Aris ferliest wer

10 nov 2013 - 09:27
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris binne sneontejûn hurd ûnderútgien tsjin lânskampioen Leiden. Yn de 5 Mei Hal waard it 84-66 foar Leiden. Yn it tredde kwart liken de Ljouwerters noch kâns te meitsjen en kaam de stân op 51-50, mar úteinlik wie ZZ Leiden dochs te sterk foar Aris. Topskoarder by de Ljouwerter basketballers wienen Tjoe de Paula en Darius Theus, beide goed foar 13 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)