Aris ferliest rom fan Grins

01 mrt 2014 - 22:00
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris koene it sneontejûn net oprêde tsjin GasTerra Flames Grins. De 'Slach fan it Noarden' waard mei 81-64 wûn troch de Grinzers. Yn elts kwart wiene se krekt wat better. Nei 16-18 yn it earste kwart makken de gasten it ferskil. Healwei stie der 30-41 op it skoareboerd. Mei 19-22 en 15-18 nei it skoft kaam de oerwinning foar de koprinner yn de basketbal league gjin momint yn gefaar. Aris bliuwt sânde yn de stân. Nathan Healy wie mei 20 punten de bêste Ljouwerter skutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)