Aris ferliest noardlike derby

25 nov 2012 - 15:03
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris ha de twastriid fan it Noarden sneontejûn mei 84-63 ferlern fan GasTerra Flames. Yn Grins bleau it ferwachte fjoerwurk tusken de twa noardlike klups lykwols út. Yn it earste kwart stie der in 24-19 stân op it boerd yn it foardiel fan Grins. Foar it skoft wist de thúsploech de foarsprong fierder út te wreidzjen oant 46-35.

Nei de rêst wist Grins dizze marzje fêst te hâlden. Fan 58-48 rûn GasTerra Flames yn it lêste kwart mei in pear knappe trije punters ienfâldich út nei in romme oerwinning.

Aris stiet mei 10 punten út 10 wedstriden op it sechsde plak. Sneon 1 desimber nimme de Ljouwerters it thús op tsjin EiffelTowers Den Bosch, de nûmer twa fan de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)