Aris ferliest nei it skoft

04 okt 2014 - 23:32
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris rûnen yn de earste kompetysjewedstriid tsjin in stevich ferlies oan. Yn en tsjin Leiden waard it 113-81. Foar it skoft wiene beide ploegen oaninoar weage: 48-46 foar Leiden. Yn it tredde kwart krige Aris tefolle persoanlike flaters en dat bruts de ploech op. Leiden koe doe maklik útrinne.

Marquise Simmons wie mei 23 punten de tûkste Aris-spiler.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)