Aris ferliest nei ferlinging

17 feb 2007 - 22:35

Aris hat sneontejûn nei in thriller yn 'e ferlinging ferlern fan de Astronauts út Amsterdam. It waard 95-104.

Nei fjouwer kwarten wie de stân noch 89-89. Mei noch âlve sekonden te gean hie Aris in foarsprong fan twa punten. Herman Favors koe it útspylje. Hy rekke de bal kwyt wêrnei Will Chavis de lykmakker makke. Yn de ferlinging pakte Amsterdam al fluch in foarsprong en joech dy net mear út hannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)