Aris ferliest mei nije trainer

13 nov 2007 - 22:35
  • Der leit in soad wurk by Aris foar de nije trener Tony van den Bosch

De nije trainer fan basketbalclub Aris Friesland hat net foar in skokeffekt soarge. Tony van den Bosch seach yn syn earste wedstriid as trainer de Ljouwerters mei 88-68 ferliezen. Op It Kealledykje wie Rotterdam de bettere ploech.

Benammen de earste helte wie hiel min. Yn it tredde kwart kaam Aris werom oant sân punten. Dêrnei skoarde Rotterdam binnen twa minuten tolve punten. Aris bliuwt lêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)