Aris ferliest krekt fan Weert

05 feb 2013 - 22:12
  • Aris Ljouwert

Aris Ljouwert koe it tiisdeitejûn krekt net oprêde yn de útwedstriid tsjin Weert. De thúsploech wûn mei 82-79. De Ljouwerter basketballers hiene in stroefe start. Weert wûn it earste kwart mei 24-15 en rûn dêrnei út nei 31-17. Mei mear fjoer en oertsjûging en in bettere ferdediging begûn Aris mei súkses oan de efterfolging: 40-41 healwei. Dy goeie Aris-perioade krige gjin passend ferfolch. Beide ploegen makken der wol in spannende striid fan. Op 81-79 draaide yn de lêste sekonden noch in trijepunter fan Whit Holcomb-Fayé fan Aris út de basket.

Foar Aris is it it twadde ferlies tsjin Weert yn Limboarch. Yn novimber waard mei 92-77 ferlern. De thúswedstriid yn sporthal It Kealledykje waard wol wûn mei 98-91. Aris Ljouwert hat no tolve kear wûn en tolve kear ferlern. De ploech fan Erik Braal stiet sechsde yn de basketballeague.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)