Aris ferliest by koprinner Leiden

18 jan 2015 - 14:37
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris ferlearen sneontejûn mei 94-83 fan koprinner Leiden. Yn Leiden setten de Ljouwerters goed útein. Nei it earste kwart stie der in 22-22 likense stân op it boerd. Ek yn it twadde kwart wist de ploech fan trainer Tom Simpson de oansluting mei de koprinner te behâlden. Stân by rêst wie 45-42 yn it foardiel fan de thúsploech.

Fuort nei rêst rûn Leiden fierder út nei 67-58. Yn de fjirde kwart wist Aris dit gat net mear ticht te krijen. De Amerikaan Marquise Simmons wie de tûkste Aris-spiler mei 23 punten.

Ek Tjoe de Paula en Ryan Watkins hienen in grut oandiel yn de skoare mei 22 en 21 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)