Aris ferliest fan Weert

25 okt 2006 - 10:14

Basketbalploech Aris hat tiisdeitejûn mei 112-90 ferlern fan Weert. By it skoft wie de stân noch 45-41, mar yn it tredde kwart gie it mis by de Ljouwerters. De ferdigening stie net goed en de ploech krige yn dy perioade 37 punten tsjin. Mei 21 punten waard Herman Favors topskutter oan Aris-kant.

Sneon ferlear Aris ek al fan Den Bosch en nei fiif wedstriiden stiet de ploech fan trainer André Roorda mei twa punten op it ien nei lêste plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)