Aris ferliest fan Rotterdam

11 jan 2009 - 13:35

Yn Rotterdam rûnen de basketballers fan Aris sneon tsjin it twadde ferlies fan 2009 oan. De einstân wie 89-62. De Ljouwerters spilen swak tsjin de Rotterdamske ploech. It ôfrûne jier wie Rotterdam hieltyd in drege tsjinstanner foar Aris. Dit wie alwer it tredde ferlies tsjin Rotterdam dit seizoen.

De kwartstannen wiene: 23-13, 27-22, 22-15 en 17-12. Matt Bauscher skoarde de measte doelpunten foar de Friezen. Hy makke 18 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)