Aris ferliest fan Rotterdam

15 nov 2008 - 21:57

De basketballers fan it Ljouwerter Aris Friesland ferlearen sneontejûn foar de tredde kear op rige. Yn sporthal It Kealledykje wie Rotterdam mei 70-80 te sterk.

Aris begûn goed en pakte in lytse foarsprong, mar geandewei de earste helte kaam Rotterdam better yn 'e wedstriid. Healweis wie de stân 33-33. Yn de twadde helte lieten de Ljouwerters it wat ôfwitte en waard it in kânsleaze nederlaach foar de ploech fan coach Pete Miller.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)